Wike 20 is keatswike yn Mantgum

Dizze wike binne der wer allegear keatsers út Mantgum aktief yn ferskillende doarpen, leeftyden en disiplines.

Woansdei wurdt der in ferfolch jûn oan de Greidhoekekompetysje. Kin Mantgum it oprêde tsjin de sterke tsjinstanders fan Easterlittens? Yn Mantgum wisten allinich de froulju foarige wike te winnen fan de Eastereinders. Yn Mantgum spilet woansdei ek it 3e pelote team tsjin de peloters út Easterwierum. De arbitrage is yn hannen fan Oebele Anema. Tongersdei binne de peloters fan it Earste te besjen yn Wjelsryp tsjin Winsum. It Twadde team nimt it yn Jorwert op tsjin Weidum 1 en it Tredde spylje harren 2e thuswedstriid binnen 24 oeren tsjin Winsum 4. Theo Kuipers is leidsman dizze jûn. Freed binne ferskate Mantgummer jeugdteams te bewonderjen op it sportfjild fan Mantgum tidens de federaasje ôfdielingskompetysje. Fanôf healwei fiiven kinne der 5 teams oanmoedige wurde op it sportfjild. Sneon en Snein binne der ferskate leden fan Jacob Klaver aktief op de ferskate federaasje en KNKB partijen. Snein is der it pinkstertoernoai peloten op it plein yn Littens. Hjir docht ek wer in delegaasje fan Mantgum mei. Op ús eigen sportfjild wurdt der keatst om itersbonnen fan Jonker Sikke tidens de Jonker Sikke Partij. Op pinkstermoandei sille Bouwe de Bruin, Wilco Fopma en Skelte Anema keatse op de bûnspartij yn Frentsjer. Foarich jier gie Mantgum der krekt foar de prizen ôf, kinne sy dit jier al in priis nei Mantgum bringe? Bûten de wedstriden wurdt der freed ek noch kompetysjekeatst en binne der ek noch ferskate trainingen dizze wike. Wa seit dat er net mear keats wurdt yn Mantgum moat fan’e wike mar ris delkomme under de fleugels fan de Wjukken.

Geplaatst op 18 May 2010